Wolkom op de website fan Eastersee

In lyts doarpke mei sa’n 800 ynwenners oan de grutte Tsjûkemar (de grutste mar fan Fryslân). It is hjir fijn om te wenjen foar minsken dy’t fan rêst, romte en reid hâlde.

Eastersee bestiet út twa kearnen: Eastersee-Buorren en Eastersee-Giterskebrêge 

Eastersee-Buorren

Eastersee-Buorren wie yn âlde tiden it wichtigste doarp fan Lemsterlân dêr’t fanôf 1500 de grytmannen (burgemeesters) fan Lemsterlân wennen. Dêr stiet it karakteristike tsjerkje mei in klok út 1498 en dêr is ek it Roordamonumint mei de earste stien út 1651 fan de Roordastate.

By de Brette Hoanne (foarhinne in kafee) is in jachthaven oan ’e Tsjûkemar.

 

 

Eastersee-Giterskebrêge

Dy namme hat te krijen mei Giethoorn. Yn de 18e en 19e ieuw waard ek yn ’eomjouwing fan Eastersee fean ôfgroeven. Dat waard yn it begjin foaral dien troch minsken út Giethoorn.

Letter waarden der yn dit wide fjild diken oanlein en pleatsen boud. Sa waard yn plak fan turf de molke foar in protte minsken in bron fan ynkommen. Der kaam in molkfabryk, in bedriuw foar lânboumasines, in Limnologysk Instituut en foar de wurknimmers fan dy bedriuwen waarden der in protte hierwenningen  boud.

 

Yn dit part fan Eastersee kamen letter rekreative mooglikheden troch de oanwêzichheid fan in strân, camping, jachthaven, sportfjild, boarterstún en wettersportsintrum. Hjir stiet ek de kristlike en iepenbiere basisskoalle, it kafee en ûnder oare in ambachtlike slachterij

 

 

 

Grutte feroaringen foar it doarp yn de jierren njoggentich

It Limnologisch Instituut wurdt sluten en Watersportcentrum Tjeukemeer komt dêrfoar yn it plak. It lânboubedriuw Vicon giet ticht, mar MetaalPlus brûkt dizze gebouwen no foar syn pruduksjes. It molkfabryk wurdt ôfbrutsen en dêrfoar yn it plak sille huzen boud wurde.

 

Rekreaasje

De rekreaasjemooglikheden yn en om Eastersee binne wat grutter wurden. Mei troch de oanlis fan in pear eilantsjes yn ’e Tsjûkemar is dit ek in positive ûntwikkeling foar it doarp. Mei de bou fan huzen op it fabryksterrein sil der ek nóch in jachthaven oanlein wurde. Der binne ek plannen foar in grutter rekreaasjeprojekt oan’e mar, mar it is noch net wis as dat trochgean sil.